De middei fan Fryslân fan 19 novimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

De Koer wie by Willem Reitsma yn Frjentsjer. Mar hy wie ferline wike siik. Dus bellen wy mei Pyt Sybesma, kollega fan Willem en ek lid fan it kolleezje fan bestjoer. Willem en Pyt joegen de koer troch oan Boukje Fokkema. Baukje is ferpleechkundige en giet as frijwilliger ynkoarten twa jier nei Siberië. Se set har dêr belangeleas yn om bern yn weeshuzen in goeie tiid te jaan. Se wurde dêr oan harren lot oerlevere. It is dus hurd nedich dat der frijwilligers har bekommerje om dizze bern.

Studinten Esther van der Heide en Margriet Hooimeijer dogge de opleiding Hotel- and Eventmanagement oan Hogeschool Tio. Se sille mei kollega-studinten nije wike in wike lang in StayOkay yn Heech runne. Fan 23 oant 26 novimber hjitt it StayOkay Hotel Isola. De hiele wike organisearje se leuke eveneminten, diners en workshops. It jild dat se hjir mei ophelje giet nei Vialla Joep, in fûns tsjin bernekanker. Wat stiet der allegear op it programma? En hoe spannend is it om hielendal sels in Stayokay te runnen?

En Sjoukje Lezwijn, Lisanne Dijk en Jildou de Vries komme lâns yn de studio. Sy binne studinten oan de Friese Poort en meitsje mei filmmakker Steven de Jong in bioskoopfilm mei de titel Spaak. It giet oer in talintfolle hurdfytser, dy't him yn it yllegale sirkwy befynt. Foar dizze film hawwe de studinten lykwols noch jild nedich. En dus komt der in crowdfundingsaksje. Wolle jo dizze film stypje? Sjoch op de webside!

Fansels belje wy wer mei Mariska Tuinier fan de Vinyl50. Wat foar opfallende feroarings binne der yn dizze hitlist fan vinylplaten? En Edwin Bergsma fan Reduzum is yn de studio. Hy hat 26 platespilers en ûntelbere elpee's yn de kast stean. En ien fan dy platen draaie wy fan 'e middei yn de studio.

En Ronald van der Pol fan de Online Redaksje fertelt wat him opfalt yn it online nijs.

Boukje Fokkema krige de Koer fan Fryslân

Studinten Esther van der Heide en Margriet Hooimeijer

Sjoukje Lezwijn, Jildau de Vries en Lisanne Dijk

Mariska Tuinier oer de Vinyl50

Finylfanaat Edwin Bergsma fan Reduzum

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:10 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
13:16 - Omi - Hula Hoop
13:27 - Sake - Skoal
13:34 - Eternal - I Wanna Be The Only One
13:39 - Seal - Do You Ever
13:51 - Acda En De Munnik - Laat Me Slapen

14:08 - Tom Jones - It's Not Unusual
14:12 - Tim Finn - Fraction Too Much Friction
14:23 - Paul Simon - You Can Call Me Al
14:33 - Sara Bareilles - Love Song
14:47 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten
14:51 - John Legend - All Of Me

15:06 - Robbie Williams - Millennium
15:15 - Andre Hazes - Zij Gelooft In Mij
15:35 - Abba - Waterloo
15:43 - Womack & Womack - Teardrops (Radio Mix)
15:53 - Breedbekkikkers - Maak Van Uw Scheet Een Donderslag

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)