De middei fan Fryslân fan 19 maaie 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Femke de Walle

It is tongersdei dus tiid om de prachtige finylplaten wer út de kast te heljen. Dit kear komt finylfanaat Dan van Aken út Lollum nei de studio mei syn favorite elpees. En fansels ha wy wer efkes kontakt mei Mariska Tuinier fan de Vinyl Top 50.

Ek yn de kroech fan Annet Travaille is muzyk hiel wichtich. Annet is al njoggen jier eigener fan kroech La Dolce Vita yn Frjentsjer en docht mei oan de ferkiezing foar 'de leukste kroegbaas van Nederland'. Wat jo as kroechbaas yn jo mars hawwe moatte? Annet fertelt it ús fan 'e middei. En wolle jim op har stimme, dat kin fia www.deleukstekroegbaas.nl en dan ûnder de namme Annet!

En noch mear ferkiezings, want studint Wesley Ferwerda (21) is nominearre foar de ROC Friese Poort STARS ferkiezing 2016 yn de kategory 'Studint mei in bysûnder ferhaal'. Wesley sit yn it lêste jier fan de oplieding Fotografie & Journalistiek oan de ROC Friese Poort yn Drachten. Hy is berne mei de sykte fan Duchenne, in spiersykte dy't it spierweefsel oantaast. Dochs kin hy him hiel knap selsstannich rêde. Trije jier lyn helle er syn rydbewiis en rydt yn in spesjaal oanpaste bus. Wesley lit him troch neat of nimmen tsjinhâlde.

Mariska Tuinier oer de Vinyl Top 50

Annet Travaille fan Frjentsjer giet foar leukste kroechbaas fan Nederlân

Dan van Aken fan Lollum

Ronald van der Pol fan de online redaksje

13:09 - Starship - Nothing's Gonna Stop Us Now
13:15 - Xavier Rudd - Follow The Sun
13:28 - Senna Black - Higher
13:35 - Barry White - You're The First, The Last, My Everything
13:39 - Miss Montreal - One Last Drink
13:42 - Doe Maar - Smoorverliefd
13:48 - First Aid Kit - My Silver Lining
13:52 - Bruce Springsteen - Streets Of Philadelphia

14:07 - Jackson 5 - Abc
14:11 - Heart - All I Wanna Do Is Make Love To You
14:22 - Sting - Englishman In New York
14:24 - Anouk - Nobody's Wife
14:27 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
14:33 - Baseballs - Umbrella
14:37 - Sake - Denk An Dy
14:46 - Monty Python - Always Look On The Bright Side Of Life
14:50 - Dotan - Fall

15:04 - Ace Of Base - All That She Wants
15:09 - Tracy Ullman - They Don't Know
15:23 - Duke Dumont - Ocean Drive
15:27 - Mink Deville - Spanish Stroll
15:34 - Clean Bandit (Ft. Jess Glynne) - Rather Be
15:43 - Jan Tekstra & Monique Bakker - Sunder Dy
15:52 - Lou Bega - Mambo No. 5

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)