De middei fan Fryslân fan 19 jannewaris 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is tiisdei, dus wer tiid foar Omrop Help. Ringnalda fan Allingawier siket in bysûnder gedicht. It begjint as folget: "Elts hat de leaden kant wolris hingjen sjoen. Skean boppe it doarp, rjocht foar de haven út. De himel wie in driigjend fisioen. Der hingen blauwe wetterweazen út". Hy kin net weromfine wa't dit gedicht skreaun hat. Witte jo hokker dichter dit makke hat? Belje mei 058-212 36 18.

Albert Gjaltema fan Stynsgea is op syk nei muzyk dêr't hy de titel en namme net fan wit. Hy hat de muzyk brûkt as eftergrûn lûd by in fideo dy't fan syn troudei makke is. It is in romantysk bluegrass ferske. Dit klinkt tige kryptysk, mar yn de útstjoering litte we jimme in stikje hearre! As jim it herkenne, reagear dan nei dmff@omropfryslan.nl of belje nei 058-2123618.

Max de Haan, wethâlder fan Achtkarspelen, hat mei de bern fan groep 8 fan skoalle de Merlettes fan Koatstertille ôfpraten om 40 dagen net te skellen en te flokken. Dit yn 't ramt fan it projekt '40 dagen niet schelden' fan Tumba. Soe de wethâlder dat folhâlde??

Arjan van der Werff hat in facebookpagina Frisian Songs Mienskip. Dêr hâldt hy allerhande saken oer de Fryske muzyk by. Dat docht hy ek op Youtube. Hy seach dat Wêr bisto fan Twarris al hast in miljoen kear beharke is. Dat is fansels prachtich. Neffens Arjan kinne folle mear Fryske artysten op Youtube in grutter berik krije. Mar dan moatte de clips wol ûndertitele wurde. We belje mei Arjan.

Max de Haan, wethâlder Achtkarspelen

Arjan van der Werff

Lars Hoekstra fan de Onlineredaksje

13:08 - Desireless - Voyage Voyage
13:14 - Miss Montreal - Love You Now
13:19 - Equals - Baby Come Back
13:23 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
13:27 - Henry Gross - Shannon
13:34 - New Radicals - You Get What You Give
13:39 - Jonathan Jeremiah - Rosario
13:50 - Trockener Kecks - Met Hart En Ziel

14:04 - Cream - White Room
14:11 - Jermaine Jackson & Pia Zadora - When The Rain Begins To Fall
14:21 - Counting Crows & Blof - Holiday In Spain
14:27 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
14:33 - Westlife - Uptown Girl
14:38 - Deep Blue Something - Breakfast At Tiffany's
14:49 - Aldjiersploech Marsum + Van Wieren - Marsum Ahoy
14:54 - Lionel Richie - Hello

15:06 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
15:11 - Billy Joel - The Longest Time
15:22 - Twarres - Wer Bisto (Hit-Fersy)
15:25 - Faydee Shaggy (Ft. Mohombi & Costi) - I Need Your Love
15:32 - Status Quo - Whatever You Want
15:42 - George Ezra - Budapest
15:49 - Eagles - The Last Resort

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)