De middei fan Fryslân fan 19 april 2016 13:00

Omrop Help
It is tiisdei, dus tiid foar Omrop Help! Jakob en Fokje Folkertsma hawwe in lytse komelkerij yn Aldemardum. De kij stean noch yn in orizjineel Frysk bûthús en drinke út drinkbakjes fan it merk Fryslân. Mar de fentyltsjes reitsje wol ris stikken. En dat smyt problemen op, want de fentilen fan it merk Fryslân wurde al lang net mear ferkocht. Dus is Jakob syn heit in skoft lyn oerstapt op Bouwers fentyltsjes. Mar ek dit merk is hast net mear te finen. Jakob siket dêrom fentyltsjes fan it merk Brouwer mei 1 inch skroeftried. Wa hat dizze noch en wol se wol kwyt?

Frouljusfuotballers fan Snits
By fuotbalklup Black Boys yn Snits ha se sûnt koart wer frouljusfuotbal. Twa frouljusteams sille ûnder de namme Black Ladys oan de slach. Se binne al drok oan it trainen, mar der moat folle mear barre foardat se ek offisjeel yn aksje komme kinne. Wat der allegearre regele wurde moat? Wy freegje it oan twa Black Ladys!

Dragqueen op besite
We krije besite fan Sander PLoegman, ek wol bekend as dragqueen Ellen van Ellende. Tegearre mei har team "The Coven" waard se ôfrûne wykein by it Superball yn Amsterdam ferkeazen ta bêste 'draghouse' fan it jier.  Ploegman komt del mei de priis en sil fertelle oer de wedstriid. Want wat is in draghouse? En wat is dy priis dan? En hoe is it eins om as dragqueen op te treden? We hawwe in hiel soad fragen!

We kletse mei in topkapper
Judith Jager fan Capaldi Kappers út Ljouwert hat mar leafst twa nominaasjes yn de wacht sleept foar de meast prestisjeuze hiermoade fotografywedstriid foar kreative kappers yn Nederlân. Judith striidt mei om de Coiffure Awards by de manlju en froulju. De finale is op 1 maaie. Is Judith al senuweftich?

Sander Ploegman de suksesfolle Dragqueen

Black Ladys fan Snits

Kapster Judith Jager nominearre foar Coiffure Awards

13:08 - Level 42 - Something About You
13:13 - Justin Bieber - Love Yourself
13:20 - Janneke De Boer - Myn Hert
13:26 - Bee Gees - Paying The Price Of Love
13:33 - Fleetwood Mac - Don't Stop
13:36 - Jan Nota - Ouderdom Komt Met Gebreken
13:45 - Boudewijn De Groot - Het Land Van Maas En Waal
13:48 - Zara Larsson - Lush Life
13:51 - Cher - Walking In Memphis
14:08 - Jimmy Cliff - Wonderful World Beautiful People
14:13 - O.M.D. - Forever Live And Die
14:22 - Twarres - Wer Bisto
14:22 - Roxette - Joyride
14:27 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
14:35 - Sara Bareilles - Love Song
14:39 - Mariusz & De Muzikanten - De Frije Frou
14:48 - Starship - We Built This City
14:53 - Echosmith - Cool Kids
15:08 - Aswad - Shine
15:13 - Neneh Cherry - Buffalo Stance
15:23 - Twenty One Pilots - Stressed Out
15:27 - De Kast - Zij Zweeft
15:33 - Kensington - Done With It
15:41 - Piter Wilkens - Sis, Wat Bart Der Mei Us Nei Us Dea
15:44 - Carly Simon - Coming Around Again
15:50 - Dire Straits - Calling Elvis

Diel dit berjocht op:
Femke de Walle

De middei fan Fryslân

Fan Friezen dy't lânskomme yn studio 4 oant telefoantsjes mei in Fries om utens, it komt oan Femke de Walle foarby. Alle kearen komt de social mediaredaksje op besite en kiest it publyk de lêste plaat.
Presintaasje: 
Femke de Walle
    Radio iconUtstjoering: Fan moandei oant en mei freed fan 13.00 oant 16.00 oere.
(advertinsje)