De middei fan Fryslân fan 16 novimber 2015 13:00

Femke de Walle begjint de middei hjoed wol hiel muzikaal. Sjongeres Janneke Brakels is nammentlik yn de studio te gast. Sy is drok dwaande mei it muzykteaterstik 'Ik, Martinus'. Ek jout se sjongles oan ferskate artysten. Wat hâldt har noch mear dwaande?

Freon fan de show Hielkje van der Molen komt lâns yn de studio. Hielkje is eigener fan de streekproduktewinkel Priuw yn Ljouwert. Mar boppe-al is sy de earste kandidaat yn it nije tv-programma Ik bin benijd. Fan 'e jûn start de alderearste ôflevering fan dit programma, wêryn't gewoane Friezen in museum of oare kulturele aktiviteit yndûke. Hielkje mocht de spits ôfbite mei in besite oan it Karmelkleaster yn Drachten, dêr't wurk fan Vincent van Gogh te sjen is. Wat fûn se der fan? Is se sels ek in keunstleafhawwer? En jo kinne kaarten foar dizze tentoanstelling winne! Lit ús witte wêr't Hielkje de earste ôflevering fan Ik bin benijd west hat, en wa wit kinne jo ynkoarten sels it wurk fan Van Gogh sjen yn Drachten. Mail jo antwurd nei dmff@omropfryslan.nl.

Wy ha kontakt mei Annemarie Veltman yn Caïro. Troch de leafde is Annemarie in pear jier lyn nei Egypte ferhuze. It befalt har dêr poerbêst. Se wurket dêr as Dorn terapeute yn ferskate kliniken. Sy behannelet minsken mei rêch- en gewrichtsklachten. Dizze moanne organisearre se tegearre mei har suske it festival I See Me In You. Dit wie in festival fan trije dagen tusken de piramiden, bedoeld foar minsken út allerhanne lannen, mei allerhanne nasjonaliteiten. Doel is om byelkoar te kommen en fan elkoars tradysjes en kultueren te learen. Hoe is it festival gong? Komt der in twadde edysje? Sjoch ek op harren webside www.connectingwordb1.com of op www.i-see-me-in-you.com.

En fansels skoot ien fan de jonges fan de Online Redaksje wer oan om te fertellen wat harren opfallen is op ynternet.

Hielkje van der Molen út Ljouwert, kandidaat by it nije programma Ik bin benijd

Annemarie Veltman út Egypte

Jaap fan de Online Redaksje

13:11 - Dan Hartman - Relight My Fire
14:06 - Love Affair - Rainbow Valley
14:13 - Bangles - Going Down To Liverpool
14:25 - U2 - Pride
14:28 - Lost Frequencies (Ft. Janieck Devy) - Reality
14:35 - Emeli Sande - Next To Me
14:38 - Marcel Smit - Reade Wyn
14:49 - Dusty Springfield - In Private
14:53 - Chris Cab - Liar Liar

15:06 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
15:13 - Piter Wilkens & Bernekoar - Sinteklaas, Us Held
15:25 - One Direction - Perfect
15:33 - Bee Gees - Night Fever
15:44 - Volumia - Blijf Bij Mij

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)