De middei fan Fryslân fan 14 jannewaris 2016 13:00

Wy ha wer efkes kontakt mei Mariska Tuinier fan de Vinyl50. Boppe-oan stie al wiken op rige de plaat fan Adele. Mar hoe liket dat no? Hat it nijs fan ôfrûne wike noch foar feroarings soarge?

Studinten Nynke Bodde en Renee Daas fan Stenden Hegeskoalle komme nei de studio om te fertellen oer harren projekt om ideeën en produkten te betinken wêrmei't se mantelsoargers fan minsken mei deminsje ûntlêste kinne. Sneon 16 jannewaris presintearje se harren ideeën en produkten op in iepen dei.

Filmmakker Steven de Jong is drok dwaande mei de film Spaak. Dizze film makket er yn gearwurking mei studinten fan de opleiding Audiovisuele Productie oan de ROC Friese Poort yn Drachten. Foar in filmshoot moarn (freed) ha se lykwols in lyts probleemke. Se sykje noch in flierkleed mei in liuwekop der oan. Ek sykje se figuranten, dy't de folgjende rollen spylje wolle: 'beschonken clubgangers', 'coke snuivende meiden en jongens' en 'foxy serveersters'. Liket it dy wat? Nim kontakt op mei Steven de Jong: info@stevendejongfilms.nl.

En kollega Ronald van der Pol skoot oan om te fertellen wat him opfallen is op ynternet, social media en alles op it mêd fan apps en games.

Mariska Tuinier fan de Vinyl 50

Studinten Nynke Bodde en Renee Daas

Regisseur Steven de Jong siket noch figuranten

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:07 - Sniff 'n' The Tears - Driver's Seat
13:13 - Miss Montreal - Love You Now
13:28 - Jack Bottleneck - Lost Case Of Being Found
13:33 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
13:37 - Daniel Lohues - Waor Gaon We Naortoe
13:48 - Onerepublic - Counting Stars
13:52 - Raymond Van Het Groenewoud - Liefde Voor Muziek

14:06 - Stevie Wonder - For Once In My Life
14:10 - Clarence Clemens & Jack Brown - You're A Friend Of Mine
14:20 - Dj Paul Elstak - Rainbow In The Sky
14:24 - Backstreet Boys - Everybody (Backstreet's Back)
14:27 - Zara Larsson - Lush Life
14:34 - Mark Ronson (Ft. Amy Whinehouse) - Valerie
14:37 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
14:42 - Cyndi Lauper - Time After Time
14:51 - Omi - Cheerleader

15:04 - Swing Out Sister - Am I The Same Girl
15:09 - Hooters - Satellite
15:13 - Coldplay - Everglow
15:18 - Adri De Boer - Thus
15:23 - Madonna - The Power Of Good-Bye
15:27 - Boney M - Sunny
15:33 - 10 Cc - Dreadlock Holiday
15:42 - Owen Paul - My Favourite Waste Of Time
15:45 - Roos Linda & Jessica - Ademnood
15:54 - Nancy Sinatra - These Boots Are Made For Walkin'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)