De middei fan Fryslân fan 12 novimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

De Koer fan Fryslân wie ferline wike by Jellie de Roos út Drachten. Jellie hat 22 jier yn it basisûnderwiis wurke. Rûn tsjin dingen yn it ûnderwiissysteem oan, hat úteinlik de kar makke om der sels wat oan te dwaan. Hat in 'kant en klaar concept' foar it ûnderwiis makke, dat ynset wurde kin foar alle bern. Skriuwt dêr ek in boek oer. Se stekt dêr al har enerzjy en passy yn.

Jellie jout de koer troch oan Willem Reitsma yn Frjentsjer. Willem is bestjoerder by it kristlik basisûnderwiis yn Noardwest-Fryslân. Ek hy set him lykas Jellie yn foar it ûntwikkeljen fan de persoanlike talinten fan de bern yn it basisûnderwiis. Mar Willem is hjoed siik. Dus belje wy mei Pyt Sybesma, kollega fan Willem en ek lid fan it kolleezje fan bestjoer.

Studinten Sjoerd Hoogland, Jolien Flapper en Nelleke Posthumus komme nei de studio. It trijtal studearret Kommunikaasje oan de NHL en docht in staazjeopdracht foar it bedriuw Chipstar. Dit is in Italiaansk bedriuw dat patatkreamkes yn Itaalje hat. No is patat hjir yn Nederlân hiel gewoan, mar dêr yn Italië net. De trije studinten dogge foar Chipstar ûndersyk oft se de saken ek útwreidzje kinne mei in drankje of in produkt foar bern. Ynkoarten sille se nei Italië om dêr yn de kunde te kommen mei de manlju achter it merk.

Wy belje efkes mei freon fan de show Jelle B oer de Nacht fan Fryslân. Hy hat in filmke makke mei kollega Johannes Rypma, wêryn't er op 'e fyts sit op wei nei de Nacht fan Fryslân. Hat er der sin oan?

Wy lizze ek efkes in lyntsje mei kollega Onno Falkena. Onno siet dizze hiele wike op Bonaire. Net foar fakânsje, mar foar in útwikseling mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen. Hoe hat er it hân? Wat is him opfallen en wat nimt er wer mei nei Fryslân?

En fansels ha wy Mariska Tuinier van Vinyl50 wer oan de telefoan. Hokker finylplaat stiet der op dit stuit boppe-oan yn de spesjale hitlist? Carla van Hoorn komt boppedat mei har favorite LP nei de studio. Se hat der thús mear as 750 yn de kast stean, dus wy binne benijd hokker plaat har favoryt is.

Pyt Sybesma en de Koer fan Fryslân

Studinten Nelleke, Jolien en Sjoerd dogge in ûndersyk foar Chipstar

Freon fan de show Jelle B

Onno Falkena is op Bonaire

Carla van Hoorn naam har favorite elpees mei

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:10 - Pretenders - Don't Get Me Wrong
13:15 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon
13:26 - America - A Horse With No Name
13:33 - Shania Twain - Man I Feel Like A Woman
13:37 - James Bay - If You Ever Want To Be In Love
13:48 - Jazzpolitie - Liefdesliedjes

14:06 - Diana Ross - Stop In The Name Of Love
14:11 - Bryan Adams - Run To You
14:23 - Beatles - Love Me Do
14:26 - Marco Borsato - Mooi
14:34 - Killers - Human
14:43 - Jelle B & Esther Postma - Mij Ben Je Nu Kwijt

15:07 - R.E.M. - Losing My Religion
15:13 - Twarres - Ruzjend Yn E Wyn
15:35 - Status Quo - Rockin' All Over The World
15:43 - Marcel De Groot - Mag Ik Naar Je Kijken
15:52 - Status Quo - Roll Over Lay Down

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)