De middei fan Fryslân fan 12 april 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Femke de Walle

Frou Deelstra fan Dokkum siket foar har suske it twadde boek fan dûmny Kuiper. Dizze dûmny hat meardere Fryske boeken skreaun. Ien fan syn lêste wurken krige de titel 'By de wyn op'. Op it kaft fan dit boek stie dat der ynkoarten in ferfolch komme soe. Mar de titel fan dit ferfolch stie der noch net by. Dus wa wit oft dûmny Kuiper al in ferfolch skreaun hat? En wat is de titel fan dit boek? En wa hat dit boek yn de kast stean en wol it wol kwyt?

RTL Telekids begjint ynkoarten mei in hiel nij spultsjeprogramma foar bern: Hou 't Schoon! Yn dizze leuke spelshow gean fjouwer bern út twa buerten yn deselde gemeente de striid mei elkoar oan om 'zwerfafval' út de buert op te romjen. It team mei de skjinste buert wurdt de winner en wint in gesellige buert barbecue. In feestje foar de hiele buert. Ek yn Fryslân kinne bern tusken de 8 en 12 jier meidwaan, want Telekids komt nei Súdwest-Fryslân, Ljouwert en It Hearrenfean. Mar hoe kinst meidwaan? Wy freegje it oan presintator Ruben Dingemans!

Freon fan de show is Steff DaCampo. De DJ is heit wurden, en hy docht yn dat ramt mei oan it programma Kerels Met een Kleintje! Dêr moatte we fansels alles fan witte, dus we belje him efkes.

Bruorren Hille en Sjoerd Stellingwerf út Wytmarsum hawwe dé oplossing foar stammerjen. En dat wolle se de hiele wrâld fertelle. Dêrom ha se in eigen projekt Broca Brothers oprjochte. Fia harren YouTube kanaal ferspriede se Ingelstalige fideo's mei lesmateriaal foar elkenien dy't fan syn stammerjen ôf wol. Se hawwe ûnder oare folgers yn Dútslân, Amearika, Ruslân en Yndia. Mar hoe wurket dizze revolúsjonêre oplossing no krekt? Beide jonges binne yn de studio om it antwurd te jaan!

Steff DaCampo oer de berte fan syn poppe

Ruben Dingemans oer "Hou 't schoon"

Opjaan foar dit programma? Dat kin fia http://www.houtschoon.nl/

Broca Brothers oer stammerjen

13:10 - Lois Lane - It's The First Time
13:16 - Anouk - Run Away Together
13:22 - Twarres - Fugelfrij
13:28 - Stylistics - Can't Give You Anything But My Love
13:35 - Chumbawamba - Tubthumping
13:38 - Racoon - Young And Wise
13:45 - Marco Borsato - Binnen
13:52 - Maroon 5 - Sugar

14:06 - Elvis Presley - Jailhouse Rock
14:11 - Spider Murphy Gang - Skandal Im Sperrbezirk
14:15 - Dua Lipa - Be The One
14:24 - Doobie Brothers - Listen To The Music
14:25 - Bryan Adams - Run To You
14:28 - Toto - I Will Remember You
14:36 - Alexis Jordan - Happiness
14:40 - Ljoubjr De Band - Myn Eigen Wei
14:49 - Billy Joel - You're Only Human
14:54 - Sam Smith - Like I Can

15:07 - Maxi Priest - Close To You
15:12 - Roxy Music - More Than This
15:24 - Coldplay - Adventure Of A Lifetime
15:27 - Mariusz & De Muzikanten - It Kin Samar
15:34 - Steely Dan - Reelin' In The Years
15:46 - Stevie Wonder - Part-Time Lover
15:52 - Manu Chao - Me Gusta Tu

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)