De middei fan Fryslân fan 11 febrewaris 2016 13:00

In gesellich drok programma foar Femke de Walle. We hawwe trije studiogasten en lykas oare tongersdeis sille we wer omtinken jaan oan de Vinyl Top 50.

Om yn de âlde platen te dûken belje we ek dizze wike wer mei Peter Funcke, ús kenner op it gebiet fan de Vinyl Top 50. Wat binne de stigers en wat binne de dalers? Hy sil it ús hierfyn útlizze. Finylgast fan de dei is Egbert Anema út Appelskea. Mei in steapeltsje platen ûnder de earm komt hy nei de studio om ús te fertellen oer wat hy de bêste finylplaat ea fynt.

Letter op 'e middei hawwe wy in freon dy't op lekkers traktearret! Hielkje van der Molen fan it Ljouwerter Priuw komt del. Har winkel stiet yn de top 10 fan leukste winkels fan Nederlân en kin noch yn de top 3 einigje. Mar foardat wy har stypje, moatte wy fansels wol even priuwe wat se dan yn har winkel hat foar lekkers. Stimme op har winkel kin trouwens oant en mei 3 maart fia www.nlstreets.nl.

Studint fan dizze wike is Hendrik Jellema út Wommels. Hy hat twa prizen wûn foar syn ôfstudearskripsje oer ferkearsûngelokken en dat is wol in ynterview wurdich. Want wat hat hy dan foar nijsgjirrigs dien foar syn ûndersyk? En wat is dêr útkaam? Dit en mear tusken 13.00 en 16.00 yn De middei fan Fryslân.

Peter Funcke oer de Vinyl Top 50

Ferkearsaakkundige Hendrik Jellema

Hielkje van der Molen fan 'Priuw'

Egbert Anema de Vinylgast

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:08 - David Bowie - Modern Love
13:14 - Justin Bieber - Sorry
13:26 - Sake - Denk An Dy
13:33 - Joe Cocker - Feels Like Forever
13:38 - Madcon - Keep My Cool
13:48 - Marco Borsato - Het Water

14:05 - Monkees - Daydream Believer
14:10 - Madonna - Papa Don't Preach
14:22 - Toto - Africa
14:23 - Sheryl Crow - All I Wanna Do
14:27 - Xavier Rudd - Follow The Sun
14:35 - Nena & Kim Wilde - Anyplace, Anywhere, Anytime
14:39 - Marillion - Kayleigh
14:48 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
14:53 - Causes - Teach Me How To Dance With You

15:05 - Oleta Adams - Window Of Hope
15:10 - President - You're Gonna Like It
15:34 - Eric Clapton - After Midnight
15:44 - Human League - Human
15:48 - Gurbe Douwstra - 35+
15:54 - Elvis Presley - Jailhouse Rock

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)