De middei fan Fryslân fan 11 april 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Femke de Walle

Femke begjint de moandeitemiddei mei kollega's Albert Jensma en Piter Tjeerdsma. Beide manlju binne de stille krêften achter de dokumintêre It Swarte Goud. De film oer it Frysk hynder gong ferline wike freed yn premjêre en yntusken binne der al twa dielen fan de dokumintêre útstjoerd. Wat binne de reaksjes oant no ta? En hoe wie it foar de manlju om dizze bysûndere dokumintêre te meitsjen?

Freon fan de show is Alyda Norbruis, hurdfytster út Oerterp. Alyda wûn op 18 maart it goud op de 500 meter tiidrit, har tredde wrâldtitel op rige op dizze ôfstân. En dus krige se fan kening Willem-Alexander in brief thús mei de lokwinsken. Bysûnder, want wa krijt no post fan de kening?

Wy belje mei Fries om utens Harry Wijnsma op Bonaire. Harry komt fan oarsprong út Damwâld en spile jierrenlang yn it earste alvetal fan Broekster Boys. Mar dêr moat se it no efkes sûnder him stelle want Harry sit foar twa jier op Bonaire om hjir les te jaan as skoalmaster.

En Lars Hoekstra fan de Online Redaksje komt lâns om te fertellen wat him opfallen is op ynternet.

Piter Tjeerdsma en Albert Jensma makken It Swarte Goud

Alyda Norbruis krige keninklike post

Harry Wijnsma wennet op Bonaire

Lars Hoekstra fan de Online Redaksje

13:10 - Little Steven - Bitter Fruit
13:15 - Simply Red - Stars

14:04 - Everly Brothers - Wake Up Little Suzie
14:08 - Tina Turner - Typical Male
14:19 - Phil Collins - Another Day In Paradise (Single Version)
14:20 - Janet Jackson - Together Again
14:24 - Dnce - Cake By The Ocean
14:28 - Mary J. Blige & George Michael - As
14:36 - Ilse Delange - So Incredible
14:39 - Sake - Harlingen
14:47 - Fleetwood Mac - Everywhere
14:51 - George Ezra - Budapest
14:54 - Grand Funk - Somekind Of Wonderful

15:06 - Mike & The Mechanics - Over My Shoulder
15:10 - Queen - The Invisible Man
15:14 - Jess Glynne - Ain't Got Far To Go
15:21 - Senna Black - When You Lose Someone
15:26 - Robbie Williams - Rock Dj
15:35 - Jay Ferguson - Thunder Island
15:44 - Soulsister - The Way To Your Heart
15:47 - Groove Department - Nije Dei
15:54 - Offspring - Pretty Fly For A White Guy

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)