De middei fan Fryslân fan 10 novimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is wer tiisdei en dat betsjut wer in Omrop Help. Jarich Visser fan Sint-Anne siket foto's fan it Houten Hemeltje. Dit wie in húske dat lange tiid tusken Ferwert en de seedyk stie. Yn de jierren '70 is it lykwols ôfbrutsen. En no soe Jarich it hiel graach skilderje wolle, om't it húske foar him in persoanlike wearde hat. Hy hat al socht by Tresoar, mar kin neat fine. Dus wa hat noch in foto fan it Houten Hemeltje yn in âld fotoboek en wol dizze wol útliene oan Jarich?

Yn oanrin nei de Voedselbankaksje dy't de regionale omroppen ek dit jier wer hâlde fan 7 oant 18 desimber sjogge we alfêst foarút. Geert van Tuinen is mei Simone Scheffer en René Koster de ferslachjouwer yn dy wiken. Hy sjocht hjoed by de itensbank De Helpende Hand yn Harns.

Fenna Zeinstra is spylster fan follybalferiening Snits. Sy moatte moarn thús de Europacup wedstriid spylje tsjin VDK Gent. De earste wedstriid yn Gent ha se oertsjûgjend wûn mei 3-1. Hoe soe it no komme? Fenna is tige fanatyk en it is dochs wol in greate dream fan har om fierder "Europa" yn te gean mei har follybalteam. We freegje hoe't it no mei har is en oft se har senuwen noch wat ûnder kontrôle hat.

En fansels sjogge wy wer mei kollega Jaap fan de social media-redaksje fan Omrop Fryslân nei nijsgjirrige berjochten en trends op ynternet.

Jarich Visser siket foto's fan it Houten Hemeltje

Follybalster Fenna Zeinstra is klear foar moarn

Geert is by de Voedselbank yn Harns - diel 1

Geert is by de Voedselbank yn Harns - diel 2

Wy fûnen in pintekening fan it Houten Hemeltje

Jaap fan de Online Redaksje

13:10 - Pat Benatar - Love Is A Battlefield
13:16 - Alvaro Soler - El Mismo Sol
13:22 - Adri De Boer - Foar Al Myn Maten
13:25 - Wind Earth & Fire - September
13:33 - New Radicals - You Get What You Give
13:43 - Willie Nelson & Merle Haggard - Don't Think Twice, It's Alright
13:47 - Nick & Simon - Julia
13:51 - Maroon 5 - Sugar
14:06 - Shocking Blue - Venus
14:11 - Diana Ross - Upside Down
14:23 - Celine Dion - Pour Que Tu M'aimes Encore
14:27 - Shawn Mendes - Stitches
14:34 - Lady Gaga - Alejandro
14:38 - Piter Wilkens - Tsjerketoer (Live Rf 09/09/2015)
14:41 - Bee Gees - You Win Again
14:49 - One Direction - Story Of My Life

15:05 - Cardigans - Lovefool
15:09 - Gurbe Douwstra - Countryline
15:20 - John Legend - All Of Me
15:29 - Paul Mccartney - My Brave Face
15:35 - Les Humphries Singers - Mexico
15:43 - Narada Michael Walden - Gimme Gimme Gimme
15:52 - Ria Valk - De Liefde Van De Man Gaat Door De Maag

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)