De middei fan Fryslân fan 10 maaie 2016 13:00

Frou Kuperus út Lúnbert siket it berneboekje “De kleine Wildebras” fan skriuwer Th. Storm. Se hat dit boekje as bern op Sinteklaas krigen. Dat wie yn de oarloch yn 1943. Mar se is it boekje kwytrekke. It is in lyts swart boekje mei op de omslach in mem mei in poppe op skoat. Wa kin har oan dit boekje helpe?

Wy belje efkes mei Janneke Abma. Sy is op de scooter ûnderweis nei Rome. Dit docht se as neitins oan har man, dy't in skoftke lyn ferstoar. Janneke is ferline wike begûn oan har reis. Hoe fier is se yntusken? En hoe befalt it reizgjen op in scooter?

Elke dosint wrakselet der mei: wol of gjin mobyltsjes yn de klasse? De iene seit resolút nee, de oare sjoch in smartphone just as in minykompjûter, dy't ynset wurde kin by ynteraktive lessen. Op it Dockinga College yn Dokkum ha se der wat op fûn. Dosinten dy't gjin mobyltsje yn de klasse ha wolle, krije in saneamd 'mobyl hotel'. Learlingen kinne harren telefoantsje dêryn 'parkeare'. De skoalle yn Dokkum hat yntusken fiif fan sokke hotels en allegear binne se boud yn de wurkpleats fan soarchbuorkerij 'Yn 'e skuorre' yn Dokkum. De betinkers sitte hjir yn de studio: Dennis Cuperus, Wigger Visser en Richard Ludema.

Kollega Bauke Deelstra en syn freon Anno Pot komme nei de studio. Beide jonges sille oer presys in wike op de fyts nei Albanië fytse. Dit dogge se foar it goede doel, nammentlik om yn it lân projekten op te setten. Beide mannen hawwe de tocht al earder makke en hawwe in bysûndere bân mei it lân. Hoe't dat krekt sit? Se fertelle it fan 'e middei sels.

Janneke Abma is yntusken yn Switserlân mei har scooter

Dennis Cuperus, Wigger Visser en Richard Ludema oer harren mobylhotel

Mark van Gulick oer de Bocuse D'Or en Jan Smink

13:09 - Whitney Houston - I Wanna Dance With Somebody
13:15 - Douwe Bob - Slow Down
13:22 - Jelle B - Alles Dat Ben Jij
13:25 - Genesis - Jesus He Knows Me
13:34 - Tavares - Heaven Must Be Missing An Angel
13:44 - Jack Savoretti - Back Where I Belong
13:53 - Nick & Simon - Een Nieuwe Dag
14:07 - Smokey Robinson - Tears Of A Clown
14:12 - Supertramp - It's Raining Again
14:22 - Teach In - Ding-A-Dong
14:28 - Jonas Blue (Ft. Dakota) - Fast Car
14:37 - Joan Franka - You And Me
14:39 - Amy Macdonald - This Is The Life
14:42 - Hessel - Somebody Told Me
15:04 - Ricky Martin - Livin' La Vida Loca
15:09 - Robert Cray - Don't Be Afraid Of The Dark
15:24 - Justin Bieber - Sorry
15:27 - Real Thing - You To Me Are Everything
15:35 - Maroon 5 - Sugar
15:44 - Gurbe Douwstra - Cliffs Of Moher (Cd Fersy)
15:51 - Tune - Eurovisie
15:52 - Abba - Waterloo

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)