De middei fan Fryslân fan 10 desimber 2015 13:00

  • Spiler wurdt laden

It is hjoed de fjirde dei fan ús aksje Samen voor de Voedselbank. Ferslachjouwer René Koster giet nei Dokkum om aksje te fieren mei sjonger Jelle B.

De koer wie by Evert en Louise Bergsma út Damwâld. Sy joegen de koer troch oan Tiny Kloosterman út Dokkum. Tiny is 70 jier en hat sels in hiel grut hert foar minsken en gesinnen dy't it swier ha. Dy minsken stiet se by en helpt se mei guod. Ek helpt se dizze minsken mei de taal. Se wurdt ek wol 'mama Tiny' neamd om't se foar in hiel soad minsken as in soarte fan mem is.

En der komt in hiele groep muzikanten nei de studio as freonen fan de show. Margriet Tolsma  komt mei Sander Metz en Marijn Oud fan VanGeeftM en Folkert Hans Tolsma op besite. It is hjoed de De Dei fan de Minskerjochten, dus organisearret Amnesty International oeral yn Nederlân 'schrijfmarathons'. Minsken wurde oproppen om brieven te skriuwen om gefangenen frij te krijen. Om mear omtinken oan dizze maratons te jaan, docht Margriet hjoed in toer mei muzikanten lâns ferskate lokaasjes. Hoe is it optreden harren befallen?

En Ronald van der Pol fan de Online Redaksje skoot oan om te fertellen oer wat him opfallen is op ynternet. Sa as de digitale keunst fan James Popsys. Dat makket hy mei Instagram en Photoshop. Do moatst goed sjen wat der apart is oan syn foto's.

Tiny Kloosterman hie Koer fan Fryslan

Femke helpt in hantsje mei

In optreden foar de skriuwmaraton fan Amnesty International

René Koster sjocht by de Voedselbank yn Dokkum

Mariska Tuinier fan de Vinyl50

Ronald van der Pol fan de Online Redaksje

13:10 - Madonna - Into The Groove
13:16 - James Morrison - Demons
13:25 - Zipp - Zo Bijzonder
13:29 - Brian Setzer Orchestra - The Man With The Bag
13:35 - Gabrielle - When A Woman
13:41 - Jonathan Jeremiah - Rosario
13:46 - Nick & Simon - Julia

14:07 - Diana Ross - You Can't Hurry Love
14:12 - Kool & The Gang - Let's Go Dancin' (Ooh La La)
14:22 - Trijntje Oosterhuis - Merry Christmas Baby
14:26 - First Aid Kit - My Silver Lining
14:33 - Crowded House - Chocolate Cake
14:37 - Jack Bottleneck Kroes & De Fryslan Allstars, Iris - Genoch (Voedselbank Liet)
14:49 - Barbra Streisand - Jingle Bells
14:51 - Nicky Jam (Ft. Enrique Iglesias) - El Perdon

15:07 - Eros Ramazzotti - Piu Bella Cosa
15:13 - Inxs - Original Sin
15:21 - Coldplay - A Head Full Of Dreams
15:33 - Ray Conniff - Sleigh Ride
15:40 - O.M.D. - So In Love
15:44 - Frans Bauer - Heb Je Even Voor Mij
15:52 - Sutherland Brothers & Quiver - Arms Of Mary

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)