De middei fan Fryslân fan 1 maart 2016 13:00

Janke Ybema út Grou siket it Fryske spultsje Monopoly. Thús binne se gek op spultsjes en it is no fansels foarjiersfakânsje, dus folop tiid om mei de bern spultsjes te dwaan. Mar no liket it Janke sa moai om it Fryske spultsje fan Monopoly ris te spyljen. Yn 2003 binne der 3000 fan dizze Frysktalige spultsjes útjûn. En wat soe it no moai wêze as der immen is dy't it spultsje yn 'e kast lizzen hat, der neat mei docht en it wol oan Janke en har famylje jaan wol.

Hy is noch mar 14 jier, mar Rienk de Groot út Snits is in echte ûndernimmer. Foar it fak Economy op skoalle moast er in eigen bedriuw opstarte en Rienk giet dy útdaging graach oan. Mei syn eigen bedriuw Klusjesservice RAD helpt er werklik by alles. Fan oppasse op de bern oant boadskipje of it gers meane. Undertusken hat er ek noch in krantewyk, docht er oan fuotbal en sit er op muzyk. Hoe hat er dat allegear?

Goed nijs! Begjin dit jier hiene wy Ria Evers fan It Amelân wer efkes oan de telefoan. Sy wol mei har man Anthonie graach werom nei Bonaire, mar om dizze dream útkomme te litten, hiene se finansjele stipe nedich. It eilân hat de ôfrûne moannen mei ferskate aksjes jild ynsammele yn it ramt fan it projekt Van A naar B. En der is lang om let tige goed nijs, want der is genôch jild om de tickets te boeken. Dat sil dizze wike wêze. De streefdatum om definityf te ferhúzjen is 10 maaie, dus der komt skot yn de saak. Ria en Anthonie ha der no al sin yn. It giet oan!

Rienk de Groot út Snits

Piet Paulusma oer it begjin fan de meteorologyske maaitiid

Ria Evers fan It Amelân

Jaap fan de Onlineredaksje

13:07 - Four Tops - Loco In Acapulco
13:13 - Kensington - Done With It
13:22 - Jan Nota - Skoanheit
13:26 - Queen - You're My Best Friend
13:31 - Eros Ramazzotti - Piu Bella Cosa
13:40 - Madcon - Keep My Cool
13:43 - Marco Borsato - Waarom Nou Jij
14:06 - Marvin Gaye & Kim Weston - It Takes Two
14:10 - Bee Gees - Ordinary Lives
14:20 - Cats - Be My Day
14:23 - Xavier Rudd - Follow The Sun
14:31 - Maroon 5 - This Love
14:34 - Jade - Don't Walk Away
14:46 - Piter Wilkens & De Bazuin - De Oldehove Sien
14:54 - Madonna - True Blue
15:05 - Ub 40 - Higher Ground
15:11 - Madness - My Girl
15:22 - Shawn Mendes - Stitches
15:26 - Ryan Paris - Dolce Vita
15:31 - Hot Chocolate - You Sexy Thing
15:43 - Bastille - Pompeii
15:52 - Peter De Koning - Het Is Altijd Lente

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)