De middei fan Fryslân fan 1 juny 2016 13:00

  • Spiler wurdt laden
  • Femke de Walle

Oer dizze útstjoering is gjin spesifike ynformaasje beskikber. Klik hjir foar programma-ynformaasje

Wat voelt als thuis

Marijn van Leeuwen en Milou van Dobben oer 'Wat voelt als thuis'

Milou van Dobben en Marijn van Leeuwen komme hielendal fanút Utrecht nei ús studio. Se sille fertelle oer de film dy't se meitsje, in film dy't alles te krijen hat mei Fryslân... Se sykje noch pleatslike toanielselskippen en skoalbern om mei te spyljen yn harren film: fia watvoeltalsthuis@gmail.com kinst dy oanmelde. Se besykje ek jild byinoar te krijen om de film echt te meitsjen: via www.cinecrowd.com/nl/wat-voelt-als-thuis kinst jild jaan oan it projekt. Wolst gewoan efkes wat mear oer de film en de makkers witte, dan kinst ek altyd sjen op https://www.facebook.com/watvoeltalsthuis/?fref=ts

Alyda Norbruis oer it hurdfytsen en de Paralympyks

Alyda Norbruis út Oerterp docht oan paracycling. Se hat in beheining, mar kin dochs hiel hurd fytse. Koartlyn wûn se noch allegearre medaljes op de wrâldbeker en no is se drok oan it trainen foar de Paralympyske Spelen yn Rio de Janeiro. Se fertelt út hoe't it giet.

Hedwych Veeman hat in Amerikaanske award wûn

Sy wie nominearre foar de Wear Award foar Draagconsulent, Hedwych Veeman út Piaam. En no hat se dit wykein de priis ek noch echt wûn! Se is ûnderweis nei hûs en wie hearre fan har wat se der fan fynt en hoe't it wie dêr yn Amearika. Mear oer har kinst fine op https://www.wrapyouinlove.com/

Slachtefrijwilliger Sita Foekema oer de 'oase'

No sneon 4 juny is it safier: de Slachtemaraton. De moaiste kuiertocht fan Fryslân hat al tûzenen kuierders yn de macht. Oeral wêr'st komst binne minsken oan it oefenjen foar dizze prachtige tocht. Mar wa't it der ek smoardrok mei ha, binne de tûzenen frijwilligers dy't de boel yn goede banen liede moatte. Ien fan harren is Sita Foekema fan Hidaard. We belje efkes mei har!

13:08 - Michael Mcdonald - Sweet Freedom
13:14 - Adele - Send My Love (To Your New Lover)
13:22 - De Kast - Zij Zweeft
13:25 - Rembrandts - I'll Be There For You
13:34 - Peter Tosh & Mick Jagger - Don't Look Back
13:37 - Coldplay - Up & Up
13:49 - The Lau - We Zijn Wie We Zijn
13:52 - Racoon - Laugh About It
14:05 - Sweat Blood & Tears - Spinning Wheel
14:11 - Matthew Wilder - Break My Stride
14:20 - Rolling Stones - Start Me Up
14:21 - Alanis Morissette - Ironic
14:24 - Matt Simons - Catch And Release (Remix)
14:28 - Take That - Back For Good
14:35 - Mika - Big Girl (You Are Beautiful)
14:39 - Sake - Skoal
14:48 - Zucchero Fornaciari - Senza Una Donna
14:52 - Zara Larsson - Lush Life

15:06 - Eagle Eye Cherry - Save Tonight
15:11 - Kool & The Gang - Joanna
15:22 - James Bay - Best Fake Smile
15:26 - Partner - Kayuta Hill
15:33 - Maroon 5 - Sugar
15:43 - Piter Wilkens - De Bearenburch Is Myn Sjirurch
15:46 - Romantics - What I Like About You
15:52 - Sugar Lee Hooper - De Wandelclub

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)