De Koers fan 30 juny 2016 17:20

Sieger sit finzen yn syn skuldgefoel en de ûnmooglikheid om Remco te helpen. Hy slút him ôf fan de oaren. Marije hat har nocht fan him en wol frij wêze. Hoe komt Sieger hjirút? Moat er syn geheim oan ien fertelle? Kin er dan ek wer frij wêze? Sieger en Paulus ha slaande rûzje. De fyts wie Siegers libben, de fyts is hast Remco's dea wurden. Wat is de fyts no eins echt? De kâns op sukses, of in vehikel dat in echt, leuk libben yn it paad stiet? Sieger kin der net mear ûnderút: hy moat in drastysk beslút nimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)