De Koers fan 27 juny 2016 17:20

Sieger Keizer stiet op it punt om in profkontrakt as hurdfytser tekenje te kinnen. Hy hoecht noch mar ien wedstriid te winnen fan syn grutte konkurrint. Om syn belangrykste wedstriid winne te kinnen set Sieger alles op alles. Hy traint him suf, mar is dat genôch? Syn trainer hat in idee: in pil dêr'tst sterker fan wurdst. Gefaarlik? Nee hear, skjin spul. Seit de trainer.

Dan is der noch Marije, sy en Sieger sjogge mekoar faak yn de sportskoalle. Marije wol Sieger ekstra motivearje foar de koers troch yn in wite jurk oan de finish stean te gean. As in echte 'la dama bianca', de freondinne fan hurdfytsleginde Fausto Coppi. Mar... Dan moat Sieger wol winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)