De Keet fan 21 augustus 2014 18:30

[Werhelling] Oflevering 4: Yn 'e dridze

Diede mei foar it earst in wykein nei hûs, dêr hat er in soad nocht oan en syn freonen en famylje dogge harren bêst om it sa oangenaam en moai mooglik te meitsjen. Mar yn de praktyk blykt dat noch wol lestich te wêzen. Boppedat is Diedes keamer ynnommen troch Hilde, in freondinne fan syn mem Lies, dy't kaam is om in hantsje te helpen. En der binne feroarings by De Keet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)