DBOsjo, wike 9 2013 (w)

Net jage mar showe yn de DBOsjo

Yn dizze ôflevering lit Foeke út Jutryp syn gestylde auto sjen. Nettsjinsteande it snelle uterlik fan ‘e auto is dizze net bedoeld om mei te jagen, mar om te showen.
Foeke is net echt in autoleafhawwer. Oerdeis wurket er yn in garaazjebedriuw as automonteur, mar ek nei syn wurk is er yn ‘e garaazje te finen om mei syn eigen auto om te pielen. Boppedat is hy ek noch ris foarsitter fan in klup foar autotuners en stylers. Foeke dielt syn passy foar auto’s net allinnich mei de klupleden, mar ek mei syn freondin Melissa. Yn dizze ôflevering bringt de presintatrise in besite oan dit stylers-koppel.

Ek Foeke makket kâns om de winner fan de DBOsjo 2013 te wurden. Fia Social Media kinne de sjoggers stimme op de leukste, orizjineelste of moaiste auto.

Dizze rige is earder útstjoerd yn febrewaris en maart fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)