DBOsjo, wike 12 2013 (w)

Alwer de lêste ôflevering fan de DBOsjo. De DBOsjo bringt in besite oan Rindert út Nijlân. Hy is gek op kevers, en it Doelleas Blokje Om wurdt dan ek riden yn dy oldtimer. In âlde auto, mar wol yn in nij jaske.

Dat nije jaske is net allinnich moai, it makket de auto ek noch flugger. Rindert jaget nammentlik graach mei syn kever. Lykas in echte autostyler, hat er dat jaske sels makke. Rindert docht alle oanpassings oan syn auto út de doeken, dêrnei stapt de presintatrise by him yn de auto foar in DBO’tje.

Rindert makket kâns om de winner te wurden fan de DBOsjo 2013. Fia Facebook kinne de sjoggers stimme op de leukste/orizjineelste of moaiste auto.

Dizze rige is earder útstjoerd yn febrewaris en maart fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)