DBOsjo, wike 11 2013 (w)

DBOsjo ferdwynt ûnder wetter. Ditkear wurdt it ‘Doelleas Blokje Om’ riden yn Kollum, by Nico. Dizze ôflevering docht Fryslân, as it lân fan wetter, in soad eare oan.

It idee ûntstie yn de kroech: it meitsjen fan in auto dy’t driuwe en farre kin. Tegearre mei syn freonen hat Nico in ‘wetterauto’ makke. De ienige nedichheden wiene: in âlde Opel Corsa, in buske pur, platen fan piipskûm en in bûtenboardmotor. De presintatrise giet mei Nico in ‘Doelleas Blokje Om’ yn de farrende Opel Corsa. In ôflevering dy’t net hielendal sûnder risiko is. Ek Nico makket kâns om de winner te wurden fan de DBOsjo 2013. Fia facebook kinne de sjoggers stimme op de leukste, orizjineelste of moaiste auto. Dizze rige is earder útstjoerd yn febrewaris en maart fan dit jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)