DBOsjo fan 26 febrewaris 2013

Fan 25 oant en mei 28 febrewaris stjoert Omrop Fryslân wer in nije ôflevering út fan de DBOsjo. Yn dizze ôflevering lit Foeke út Jutryp syn gestylde auto sjen. Nettsjinsteande it snelle uterlik fan ‘e auto is dizze net bedoeld om mei te jagen, mar om te showen.

Foeke is in wiere autoleafhawwer. Oerdeis wurket er yn in garaazjebedriuw as automonteur, mar ek nei syn wurk is er yn ‘e garaazje te finen om mei syn eigen auto om te pielen. Boppedat is hy ek noch ris foarsitter fan in klup foar autotuners en stylers. Foeke dielt syn passy foar auto’s net allinnich mei de klupleden, mar ek mei syn freondin Melissa. Yn dizze ôflevering bringt de presintatrise in besite oan dit stylers-koppel.

Ek Foeke makket kâns om de winner fan de DBOsjo 2013 te wurden. Fia Social Media kinne de sjoggers stimme op de leukste, orizjineelste of moaiste auto.
www.facebook.com/DBOSjo
folgje ús op www.twitter.com/DBOsjo

Diel dit berjocht op:
DBOsjo

DBOsjo

Omrop Fryslân komt, yn gearwurking mei studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert, mei in nij televyzjeprogramma. De DBOsjo is in programma oer Friezen en harren bysûndere auto's. Yn elke ôflevering fan de DBOsjo fertelt in grutske autobesitter oer de passy foar syn of har auto. Hoe is dy leafde ûntstien en hoefier giet dy leafde? Giet it om snelheid, of om it ‘sjen en sjoen wurde’? By it blokje om wurdt de auto wiidweidich besjoen, de technyske snufkes wurde bepraat en wy freegje nei reaksjes út de omjouwing fan de autobesitter.
(advertinsje)