DBOsjo fan 12 maart 2013

DBOsjo ferdwynt ûnder wetter

Ditkear wurdt it ‘Doelleas Blokje Om’ riden yn Kollum, by Nico. Dizze ôflevering docht Fryslân, as it lân fan wetter, in soad eare oan.

It idee ûntstie yn de kroech: it meitsjen fan in auto dy’t driuwe en farre kin. Tegearre mei syn freonen hat Nico in ‘wetterauto’ makke. De ienige nedichheden wiene: in âlde Opel Corsa, in buske pur, platen fan piipskûm en in bûtenboardmotor. De presintatrise giet mei Nico in ‘Doelleas Blokje Om’ yn de farrende Opel Corsa. In ôflevering dy’t net hielendal sûnder risiko is.

Diel dit berjocht op:
DBOsjo

DBOsjo

Omrop Fryslân komt, yn gearwurking mei studinten fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert, mei in nij televyzjeprogramma. De DBOsjo is in programma oer Friezen en harren bysûndere auto's. Yn elke ôflevering fan de DBOsjo fertelt in grutske autobesitter oer de passy foar syn of har auto. Hoe is dy leafde ûntstien en hoefier giet dy leafde? Giet it om snelheid, of om it ‘sjen en sjoen wurde’? By it blokje om wurdt de auto wiidweidich besjoen, de technyske snufkes wurde bepraat en wy freegje nei reaksjes út de omjouwing fan de autobesitter.
(advertinsje)