Dat is andere taal van 28 oktober 2012

Dizze wike yn de lêste ôflevering fan Dat is andere Taal! omtinken foar it dialekt sa’t it wie, sa’t it is en sa’t it yn ‘e takomst wêze sil. Dialekt, dat is dochs fan eartiids? Presintator Johan Overdevest siket it antwurd op dy fraach. Foar de reislustige Stef Bos is syn dialekt, it ‘Veenendaals’ of ‘Veens’, yn elts gefal wat fan ‘thús’. It is de taal dy’t er yn Veenendaal learde. Moat men dat wat út it ferline komt just yn stân hâlde foar de takomst, of moatst just akseptearje dat dingen ferdwine? De mienings dêroer ferskille.

Trendwatcher Carl Rohde sjocht werom en foarút. Heart it dialekt by folkloare en tradysje, sa’t it jierliks op ‘e boeremoandei yn Nijkerk sprutsen wurdt? Of heart it sels yn de argyfkast mei in strik derom? Ald-minister fan ûnderwiis, Jo Ritzen, hat dêr syn eigen miening oer. En Stef Bos? Dy sjocht in elts gefal oanlieding om it ferske ‘Papa’ yn gehiel nije, ‘Veense’, útfiering hearre te litten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)