Dat is andere taal! fan 9 septimber 2012

  • Herman Finkers

Oflevering 1: Herman Finkers

Net elkenien yn Nederlân praat standert Nederlânsk as memmetaal. Noch hieltyd is dat faaks in streektaal of in dialekt. Neffens Herman Finkers, dy’t him bot belutsen fielt by it Twents, is dat prima. Finkers hâldt fan steektalen. Mar de fraach is dochs oft der yn dizze tiid noch wol takomst is foar it dialekt. As wy de takomstsifers fan heechlearaar Driessen leauwe moatte, is it dialektgebrûk al jierren op syn retoer. Mar der binne útsûnderingen: hieltyd mear jongeren op It Amelân prate bygelyks Ald-Amelânsk om harren identiteit te behâlden. Neffens Herman Finkers hoege dialekten en streektalen net te ferdwinen, salang’t sy mar trochjûn wurde oan de folgjende generaasjes. Bern soenen twatalich grutbrocht wurde moatte: yn it Nederlânsk en yn dialekt! De famylje Kroezenga hat de proef op 'e som naam: harren soantsje, Simmer, wurdt bewust twatalich grutbrocht. Taalkundige Jacomine Nortier leit út wat je deryn goed en fout dwaan kinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)