Dat is andere taal! fan 7 oktober 2012

Oflevering 5: Arnold Veeman
Dialekt ferbynt minsken, mar kin der ek foar soargje datst bûtensletten wurdst ast de taal net sprekst. De heal-Surinaamske sjonger Arnold Veeman kaam fan ‘bûten ôf’ yn it pittoreske Grinzer Kloosterburen wenjen. Arnold lit op bysûndere wize hearre hoe’t er yntegrearre is: hy sjongt yn it Grunninger dialekt foar in entûsjast publyk. Presintator Johan Overdevest ûntdekt hoe’t Arnold dêr syn plak fûn en Grinslanner waard ûnder de Grinslanners.

Professor dr. Swanenberg die ûndersyk nei de problemen dy’t der binne by it yntegrearjen yn in oar dialektgebiet. De famylje Stolz út Amsterdam ûnderfûn it doe’t it hiele gesin ferhuze nei Súd-Limboarch. Wannear giest derby hearren en wannear fielst dy thús?

Diel dit berjocht op:
Dat is andere taal!

Dat is andere taal!

Net elkenien yn Nederlân praat standert Nederlânsk as memmetaal. Noch hieltyd is dat faaks in streektaal of in dialekt. Wat betsjut sa'n dialekt of streektaal foar immen syn opfieding, karriêre of wurkplak? Presentator Johan Overdevest reizget eltse ôflevering dwers troch Nederlân om te hearren wat taal mei elkenien docht.
(advertinsje)