Dat is andere taal! fan 30 septimber 2012

Al jong wist Sabine Uitslag, doe' t se noch ferpleechkundige wie, dat jo minsken pas echt reitsje as jo harren yn har eigen memmetaal oansprekke. De útdrukking 'a-j plat proaten, mu-j 't loaten' is foar dizze politika dan ek in wichtich útgongspunt foar goeie soarchferliening.

Ek geastlik fersoarger Hilda Schipper fernimt yn har petearen mei âlderen dat jo de, op it earste each nochtere Grinzers, hiel goed ûntteie kinne troch harren oan te sprekken yn harren 'priveetaal' , it Grinzers.

Want yn dy taal belibje se harren oantinkens en emoasjes. Taalkundige Jacomine Nortier wit noch oare foardielen fan meartaligens by âlderen.

Dialekt en soarch stean yn dizze ôflevering sintraal. In begraffenis of berte yn it dialekt? De yntinsiteit sit neffens dumny Anne van der Meiden seker en wis yn de taal.

Diel dit berjocht op:
Dat is andere taal!

Dat is andere taal!

Net elkenien yn Nederlân praat standert Nederlânsk as memmetaal. Noch hieltyd is dat faaks in streektaal of in dialekt. Wat betsjut sa'n dialekt of streektaal foar immen syn opfieding, karriêre of wurkplak? Presentator Johan Overdevest reizget eltse ôflevering dwers troch Nederlân om te hearren wat taal mei elkenien docht.
(advertinsje)