Dat is andere taal! fan 23 septimber 2012

Oflevering 3: Twan Huys

Twan Huys wist al betiid dat hy yn de media wurkje woe, mar wie ûnwis of hy it boppe de rivieren rêde soe mei syn Limboarchse tongfal. Waard en wurdt it gebrûk fan dialekten yn de media akseptearre? Hoe wie Twans karriêre ferrûn as hy gjin mediatraining hân hie?
En hoe sit dat by oare beroppen? Heechlearaar Gerbert Kraaykamp hat ûndersocht of it praten fan in dialekt ynfloed hat op de maatskiplike posysje en karriêre fan de sprekker. Hoe gefoelich leit it bygelyks yn de aktearwrâld wêryn taal en spraak de ultymste ynstruminten binne? Presintator Johan Overdevest giet op ûndersyk út.

Diel dit berjocht op:
Dat is andere taal!

Dat is andere taal!

Net elkenien yn Nederlân praat standert Nederlânsk as memmetaal. Noch hieltyd is dat faaks in streektaal of in dialekt. Wat betsjut sa'n dialekt of streektaal foar immen syn opfieding, karriêre of wurkplak? Presentator Johan Overdevest reizget eltse ôflevering dwers troch Nederlân om te hearren wat taal mei elkenien docht.
(advertinsje)