Dat is andere taal! fan 16 septimber 2012

  • Foppe de Haan

Oflevering 2: Foppe de Haan

Ald-trainer fan SC Hearrenfean Foppe de Haan hearde op de legere skoalle foar it earst Nederlânsk. Krekt as by in protte Friezen is it Frysk syn memmetaal en Foppe is der tige grutsk op. Mar is it Frysk wol in taal? En wêrom is de iene taalfariant in erkende taal en de oare net? De Haan sjocht fuotbal as teater en dêrom woe hy dat alle spilers wisten foar wa' t se spilen. Nijkommers by SC Hearrenfean moasten Fryslân, de Friezen en harren taal kennen leare. Dêrom organisearre Foppe bustripkes troch de provinsje en learde hy de nije spilers it Frysk folksliet. Undersiker Marc van Oostendorp hâldt him al jierren dwaande mei it ûndersyk nei dialekten yn Nederlân en toant wûnderlike ûndersyksynstruminten út froeger jierren. Hy hat ek in antwurd op de fraach wêrom it Frysk in offisjele taal is. En wylst Foppe grutsk is op syn taal, hat de Helmondske Madelijne dochs wat mear muoite mei it dialekt fan har bertestreek.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)