Dat is andere taal! fan 14 oktober 2012

  • Jan Marijnissen met presentator Johan Overdevest

Oflevering 6: Jan Marijnissen
“Dialektsprekkers binne boeren en boppe-al ûnnoazel!” Sa tinke in soad westerlingen oer dialektsprekkers út de rest fan Nederlân. Dat is fansels net sa, mar de byldfoarming is stiif. Wat is presiis it imago fan in dialekt en wannear wurket it foar dy en wannear just net? Jan Marijnissen, hikke en tein yn Oss, hat dêr yn syn karriêre fan arbeider oant politikus in hiel soad mei te krijen hân. Hy wit hoe’tst spylje kinst mei taal om ta it winske doel te kommen. Undersykster Renee Van Bezooijen ûndersocht de byldfoarming fan ferskate dialektsprekkers op in wittenskiplike manier, mei ferrassende útslaggen ta gefolch. En wêrom wurdt yn reklames in soad gebrûk makke fan dialekten? Trendwatcher Carl Rohde jout syn fisy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)