Bynt fan 9 septimber 2014 17:20

Ut de klean foar de Zeeman
Yn je ûnderguod model stean foar de Zeeman, dat doare net in soad minsken. Jitske Eizema wol. Se is ien fan de stjerren fan de nije reklamekampanje fan de tekstylsuper en fertelt deroer by ús yn de studio.

Iepenloftspul Penjum
Yn ús rige oer keunstnersdoarp Penjum oefenje de akteurs fan it iepenloftspul in prosesje op de gouden halsbân - in âld stikje seedyk út de mûntsetiid - en geane we op besite by in sineast en in fotografe út it doarp. Sneon giet it stik yn premjêre en it moaie is: jo kinne kaarten winne! Sjoch op ús Facebookpagina, diel en like! https://www.facebook.com/OmropBynt?ref=hl

Erica Verdegaal
As je in soad sinten hawwe en je wolle dat mei je bern diele, moatte je faak in soad belesting betelje. No kin dat lykwols tydlik hiel foardielich. Dan moatte de bern it allinnich wol yn in hûs stekke. Oer de ins en outs fan it skinkingsrjocht fertelt finansjeel spesjaliste Erica Verdegaal.

Hans Anker
Hans Anker is by de measte minsken bekend as de helte fan de bruorren Anker. Ferneamde strafpleiters, mar minstens like bekend as feestfierders en hertstochtlike Hearrenfean-supporters. Hans hat in drege tiid hân, nei in slim ûngelok is hy op it stuit oan it revalidearjen. En we ha it oer de wike fan de rjochtspraak. Tema: 'openbaarheid'.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)