Bynt fan 9 oktober 2014 17:20

  • De brânwacht yn aksje by de brân op De Kelders

De brân op de Kelders
It stiet in protte minsken noch skerp op it netflues. De brân op De Kelders yn Ljouwert, no hast in jier lyn. In grut gat yn de Ljouwerter binnenstêd en it ferstjerren fan in studint dy't der wenne. Kommend wykein stjoert Omrop Fryslân in yndrukwekkende FryslânDOK út oer de brân. Brânwachtkommandant George Kuntz en syn minsken wurken mei oan dizze dokumintêre en Kuntz fertelt der jûn oer yn Bynt.

Ljouwerter F16's yn aksje
Sa'n 250 man fan de fleanbasis Ljouwert sitte op it stuit yn Jordanië. Fanút in basis dêr wurde se ynset boppe Irak om de terroristen fan IS te bestriden. Dizze wike hawwe de Nederlânske F16's de earste bommen smiten. Yn Bynt leit de kommandant fan de Ljouwerter fleanbasis, Gerbe Verhaaf, út wat de missy no krekt ynhâldt en wat dy mei syn minsken docht.

Ljouwerters yn Amearika
In part fan it personiel fan de fleanbasis Ljouwert sit dus yn it Midden-Easten. Oaren sitte just yn de Feriene Steaten om dêr traind te wurden yn it ûnderhâld fan de JSF. Dizze wike folgje wy in oantal fan harren yn Amearika. We prate mei se oer it libben dêr en it wurk dat se dogge.

JAMEIMY yn Kanada
Jameimy is it tredde toanielstik dat skreaun is troch aktrise Klaasje Postma. Dizze foarstelling gie foar it earst mear oer harsels en hoe't libbenspatroanen en ferwachtingen fan alle tiden lykje. Nei in suksesfolle perioade yn Fryslân, hawwe se it stik de ôfrûne tiid ek spile yn Kanada, foar Fryske emigranten. Klaasje is krekt werom, en sels mei har heale jetlag skoot se jûn oan yn Bynt!

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)