Bynt fan 9 novimber 2015 17:20

Yn aksje foar de Voedselbank 

De aksje fan de regionale omroppen yn ús lân foar de Voedselbank wie ein 2015 in grut sukses. Jan Lunshof fan de itensbank yn Ljouwert leit út wêrom’t de aksje dit jier wer nedich is.

Galjes út de Bynt-tún

Hjoed gean Aat en Miranda yn de tún oan de slach mei Galjes (Gagel op syn Hollânsk). Dêr kinst allegear hearlike dinkjes mei meitsje. Aat hat noch wol in goed idee foar lekkere tsiis.

Tafel 18

Wa is de bêste amateurkok fan Fryslân? It is de grutte fraach yn Tafel 18, sneontejûns te sjen op Omrop Fryslân. Ofrûne sneon makken de kandidaten in neigesetsje (dessert). Spesjaal foar Bynt krigen Brenda, Michiel, Evert, Gesina, Leo en Dirk dêrom in 'masterclass patisserie' yn Drachten. Recept Chocolademousse

Dreame fan Rio de Janeiro
Topsporters yn ús lân wolle graach nei de Olympyske Spelen fan Rio de Janeiro. Ek foar Paralympysk amazône Rixt van der Horst is dat in dream. Mar dan moat se noch wol gau op syk nei in reservehynder!

BY09KO06

Op besite by Rixt van der Horst

BY09KO04

Aat en Miranda yn de tún

BY09KO03

Lekker ite yn Tafel 18

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)