Bynt fan 9 maart 2015 17:20

Bynt siket Boer(inne)

Jûn in spesjale útstjoering fan Bynt. In pear wike ferlyn ha wy in oprop dien foar frijgeselle boeren yn de gemeente Ferwerderadiel. Ut alle ynstjoeringen hawwe wy twa boeren útsocht. Tegearre mei presintator Raynaud Ritsma gean sy de kommende wiken op syk nei leafde.

Fierder prate wy yn de studio oer de takomst fan it buorkjen yn Ferwerderadiel. Want hoe kin it dochs dat dêr safolle frijgeselle boeren wenje? En wat betsjut dat foar de kommende jierren? Te gast binne bouboer en LTO-bestjoerder Upt Hiddema, boerinne Janneke van der Werf en, fansels, ús eigen relaasje-ekspert Raynaud Ritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)