Bynt fan 9 maaie 2016 17:20

Sulveren Anjer foar Jack Kooistra
Ald-misdiedferslachjouwer Jack Kooistra kriget heal juny de Sulveren Anjer. De no 86-jierrige Kooistra hat syn hiele libben dwaande west om oarlochsmisdiedigers op te speuren en sjocht jûn yn Bynt werom. Mei in goed gefoel of binne der noch minsken dêr’t hy efteroan wol?

Friezinne nei Harvard
Barack Obama, George W. Bush en Matt Damon, allegearre âld-studinten fan ien fan de meast pretinsjeuze universiteiten fan de wrâld: Harvard University. Nicole Bakker sit fan ôf augustus ek by dit rychje want sy sil de master Design Engeneering dêr dwaan. Hoe is dizze Friezinne by Harvard telâne kaam? Dat sjogge jo jûn yn Bynt.

Boerinnekoar
Fiifhûndert froulju fan boeren dy’t mei harren allen sjonge yn de foarstelling oer Grutte Pier. Dat wie it idee fan Jan Tekstra en Dirk Bruinsma. Dizze wike sjogge wy yn Bynt hoe’t it der foar stiet mei it koar. Ferline jier waarden de boerinnen yn Fryslân oproppen en dat levere in moaie opkomst op.

Dolfijn-terapy
Terapeutysk swimmen mei dolfinen kin fan ôf no gewoan fan de stoel út. Keunstneresse Marijke Sjollema en har man yntrodusearje mei in ‘occulus-bril’ firtueel swimme mei dolfinen. En hjoed waard dit foar it earst yn praktyk brocht.

It boerinnekoar

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)