Bynt fan 9 maaie 2014 18:30

Iten siede op topnivo. Dat is de Bocuse d'Or, de belangrykste itensiederswedstryd fan de wrâld. De Fryske koks Jan Smink en Lars Aukema diene mei as Team Hollân oan de Europeeske foarronde yn it Sweedske Stockholm.Se moasten twa gerjochten klearmeitsje, ien mei fleis en ien mei fisk. Dêrmei einigen se op it alfde plak, en dat wie genôch om troch te gean nei de finale, yn jannewaris yn it Frânske Lyon. Sa lang wachtsje wy net, en dêrom sitte beide koks jûn yn Bynt.

De hiele wike kinne jo al sjen hoe't feilinghûs Ald Fryslân yn Drylts draait as in tierelier. En dat nettsjinsteande, of miskien wol mei tank oan, de krisis. Samlers litte harren net samar út it fjild slaan en besunigje leaver op iten dan op dat moaie sulveren doaske dat krekt yn harren samling past. Jûn it lêste diel fan ús rige reportaazjes oer it feilinghûs yn Drylts.

De moadefakskoalle yn Bakhuzen bestjit dit jier 75 jier. De tradysje fan de moadefakskoalle begjint yn 1938. De katolike tsjerke festiget kleaster Mariahof yn Bakhuzen. De nonnen jouwe ûnder oaren kraamhelp, leger ûnderwiis en ek naailes. De lêste suster sil yn 1993 de moadefakskoalle ferlitte. It wurde drege jierren, foaral om 't er hurd wurke wurde moat om subsydzjes en nije kursisten binnen te heljen. Bynt gie del yn Bakhuzen om te sjen nei 75 jier moadefakskoalle yn it doarp.

Fryske silers dogge it al jierren goed yn de ynternasjonale sylwrâld. Mar hoe kin dat eins? Wat sit er achter it sukses fan silers as Marit Bouwmeester, Pieter Jan Postma en Thijs Kort? Wy hoopje jûn dat mystery te ûntraffeljen mei help fan Thijs Kort sels en ús saakkundige Age Veldboom. En hoe moatte wy it.

En, sa as alle kearen op freed, it ûlesjoernaal!

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)