Bynt fan 9 juny 2016 17:20

Nij imago foar FNP
It Frysk wie altyd ien fan de hillige húskes fan de FNP, mar dy tiid liket foarby. Yn in skriuwen fan de partijtop nei de leden ta stiet dat der binnen de partij mear plak wêze moat foar it Nederlânsk. De FNP soe har mear profilearje moatte op oare gebieten sa as regionale ekonomy en miljeu. Fuort mei it imago fan in ‘one issue-partij’ dus.

Mar is dat wol nedich, sa’n statement? Neffens foarsitter Nynke Beetstra fan de FNP-ôfdieling Ljouwert is it stik ‘praat fan niks’. De FNP is ommers al jierrenlang in brede partij. En dat Frysk, dat bliuwt wol deeglik wichtich.

Neffens Evert Wilstra, gemeenteriedslid foar de FNP yn Opsterlân is it hielendal net untinkber dat de kommunikaasje fan de FNP yn de takomst yn it Nederlânsk giet. Want ek net-Frysktaligen binne potinsjele kiezers. Mar wêr leit de grins?

Rige: ‘Sjok’
Even joyride: it liket ûnskuldich, mar kin grutte gefolgen ha. Yn Bynt dizze wike de ferfilming fan it winnende ferhaal fan de Fryske Ferhalewedstriid: ‘Sjok’. Hjoed de lêste ôflevering. Sjoch hjirûnder foar de folsleine ferzy fan it ferhaal.

Mister Oerol
Sneontemoarn begjint de 35ste edysje fan it grutste lokaasjefestival fan Europa: Oerol. It tema fan dit jier: 'Van zonsopgang tot zonsondergang.' Dat belooft wat! Wy prate mei Joop Mulder, oprjochter en direkteur fan it festival. En we dogge dat fia in spesjale ferbining mei, -hoe kin it ek oars- Skylge.

Loftmachtdagen
De loftmachtdagen op de Fleanbasis yn Ljouwert krije in hiele oare lading no’t der in strieljager fan in Switserske stuntgroep delstoart is by Bitgum. Oan tafel Marijke Waalkens, âld-wurdfierder fan de Fleanbasis. Hokker protokollen trede yn wurking op sa’n momint? En wat betsjut dit ûngelok foar alle festiviteiten dit wykein?

Rige: 'Sjok'

In ûnskuldich ritsje yn de auto fan heit en mem hat grutte gefolgen... Sjoch hjir nei 'Sjok', de ferfilming fan it winnende ferhaal fan de Fryske Ferhalewedstriid.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)