Bynt fan 9 juny 2015 17:20

Brân by de biste-opfang
By de biste-opfang fan Norma Miedema oan De Rijp yn Ferwert binne sneintemiddei tsientallen bisten omkaam by in grutte brân. Yn de opfang sieten sa'n 300 bisten lykas hynders, in ko en hûnen en katten. It gebou is folslein ferlern gien. Hoe’t it no fierder moat? Wy sjogge der hjoed nei yn Bynt mei de sus fan Norma, Moniek Miedema.

Houten fytstassen
It is in spannende wike foar René de Raad. Hy is de betinker fan de houten fytstas. Hy makket dy mei de help fan minsken mei in beheining. No wol hy Nederlân feroverje mei syn produkt. Derfoar tinkt hy ferneamde Nederlanners nedich te hawwen.

Mienskip yn in Mienskip
Yn it ramt fan de Kulturele Haadstêd 2018 en it tema 'mienskip', sjogge we dizze wike by fjouwer mienskippen yn Fryslân. Hjoed gean we mei Simone de Milde nei in teatersportwedstryd fan de Teatersportferiening de Noordsterren út Ljouwert.

De fargeul fan It Amelân
De fargeul fan It Amelân is al tsien jier in slepende kwestje dy't klauwen fol jild kostet. Hy is te smel, te ûndjip en smyt dus in soad fertragingen fan de fearboat op. De polityk yn Den Haach is op dit stuit noch net fan plan wat te feroarjen. Moarn geane twa bussen fol frustrearre Amelanners en harren boargemaster nei de Twadde Keamer om de druk op te fieren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)