Bynt fan 9 desimber 2015 17:20

Yn memoriam: Jokelyn Tienstra
Jûn yn Bynt steane we stil by it ferstjerren fan ien fan de grutste Fryske sporters: Jokelyn Tienstra. Sy hearde by de absolute top fan it hânbal. Sportjournalist Geert van Tuinen skoot oan om mear te fertellen oer har bysûndere karriêre.

Raynaud giet de útdaging oan
Hoe is it om fan in bytsje jild en in Voedselbankpakket rûnkomme te moatten? Vangrail-frontman Raynaud Ritsma is ambassadeur fan de Voedselbank aksje en giet de útdaging oan. Wy stjoere him jûn nei hûs mei in pakket en in kamera.

In see fan tiid op see
Trije moanne op see, foar de trainees op de Wylde Swan is dat somtiden wol ôfsjen. Mar hoe komme se de dagen eins troch oan board fan dit learskip dat Makkum as thúshaven hat? Us rige See fan tiid lit it allegear sjen.

It kowe-ympearium fan Wiebe Van der Zee
Kopkes, pantsjes, kalinders, tsiisskaven. Wiebe van der Zee fan Snits hat mei syn tekeningen in hiel kowe-ympearium opboud. Wiebe syn kij geane no sels de wrâld oer.

BY09LO02

Raynaud Ritsma gie hjoed op paad foar de Voedselbank aksje

BY09LO03

Hoe is it om wikenlang op see te wêzen? Hjoed part 3 fan de rige oer sylskip de Wylde Swan.

BY09LO04

De kowe-tekeningen fan Wiebe van der Zee fan Snits geane de hiele wrâld oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)