Bynt fan 9 desimber 2014 17:20

Untslaggen by de NDC
By de NDC Mediagroep ferdwine de kommende tiid wer 100 fulltime banen, wêrfan 48 op de redaksjes fan de Ljouwerter Krante, it Frysk Deiblêd, it Deiblêd fan it Noarden en de streekblêden. It personiel is hjoed yn Drachten op de hichte brocht troch direkteur Dina Boonstra. Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie der by, prate mei Boonstra en set yn Bynt de gefolgen fan de reorganisaasje op in rychje.

Hoe sûn is de Voedselbank?
As je ôfhinklik binne fan in itenspakket fan de itensbank, dan moatte je bliid wêze mei wat je krije, toch? Of moat je bûten de tankberens om ek goed sjen nei hoe sûn sa'n pakket is? Diëtiste Sanne van de Ree socht it út.

Sân stêden: Pilsen
Yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd ha Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante de ôfrûne tiid ferslachjouwers Europa ynstjoerd. Sy binne op 'en paad gien nei de sân stêden dy't de kommende jierren ek de titel fan Kulturele Haadstêd krije. Hjoed in lyts foarpriuwke fan de Kulturele Haadstêd 2015, Pilsen yn Tsjechië.

Mineralemiks foar bettere dong
Mei in nij middel om dong te ferbetterjen, krije melkfeehâlders oant wol in kwart mear en better gers. En dêrtroch ek mear molke. 26 boeren yn Fryslân dogge mei oan de proef mei dizze Morray mineralemiks. De útfiner fan dizze miks, Joop Moree, skoot jûn oan yn Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)