Bynt fan 9 april 2015 17:20

Opskuor yn de PvdA
It giet net goed mei de PvdA. Net allinnich yn Fryslân ferdwynt de partij út it kolleezje, ek yn oare provinsjes kamen se bûtenspul te stean. Yntern binne partijleden lilk, omdat se in mear linkse koers wolle. Twa krityske leden komme hjoed sels mei in manifest, der’t ek Lutz Jacobi har yn fine kin. Wy prate der oer mei prominint PvdA-lid Jaap Stalenburg, dy’t him al ris earder kritysk útliet oer syn partij.

Dichtbondel oer Joadse Snekers
Op de dei ôf 72 jier lyn waarden de susters Pino fan Snits meinommen troch de Dútsers. Gjin tafal dus, dat Snitser Henk van der Veer hjoed syn dichtbondel “De Dames van Pino en andere fersen over Joadse Snekers” by ús presintearret.

Fryslân 4045 – Wat de oarloch mei ús die
Tusken 1940 en 1945 spile de oarloch yn Fryslân him foaral ôf yn de loft. Mear as 400 fleantugen fan de alliearden waarden út de loft sketten boppe Frysk grûngebiet en de Waad- en Noardsee. De Dútsers diene dat op de fleanbasis fan Ljouwert, dy’t útgroeide ta ien fan de belangrykste útfalsbases fan de Luftwaffe yn Nederlân.

Ekspoysje fan topfotograaf Kadir van Lohuizen
Miskien hasto hjoed de spesjale bylage fan de Ljouwerter Krante ek wol sjoen. Fol mei foto’s fan de wrâldferneamde topfotograaf Kadir van Lohuizen. Mei syn kamera hat hy it Waad op west, en dêr makke hy in soad foto’s ûnder de titel “Vissers”. Dat is ek de namme fan in nije tentoanstelling mei syn foto’s dy’t dit wykein yn it Fries museum úteinset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)