Bynt fan 9 april 2014 18:30

  • Dick Matena drok mei Afke's Tiental (Foto: Omrop Fryslân)

Tekener Dick Matena 'ferstripte' yn 1994 foar it blêd Donald Duck ferskate berneboeken. It gie doe om de ferhalen fan Pietje Bell, Dick Trom, Kruimeltje en Afke's Tiental. De earste trije waarden ek útbrocht as los stripboek, mar de lêste net. Dêr komt no feroaring yn. Wy seagen by de tekener yn syn atelier yn Amsterdam en yn Bynt prate wy jûn mei útjouwer Seb van der Kaaden.

Yn Bynt dogge wy dizze wike ferslach fan de ferkiezing foar 'Friese Onderneming van het jaar 2014'. Hjoed ien fan de nominearre bedriuwen, Body & Fit fan It Hearrenfean. Sy leverje (benammen fia in webshop) ôfslankprodukten, sport-iten en saneamde 'superfoods'. It bedriuw is yn de ôfrûne jierren hiel hurd groeid.

Ergernissen. Ek ús fêste gast Evert Fokkema hat der wolris lêst fan. As hy nei de soarch sjocht, dan komt hy dingen tsjin dêr't hy him oan ergeret. Hieltyd mear banen dy't ferdwine yn de soarch, gemeenten dy't gruttere taken krije foar minder jild en minsken dy't hieltyd langer thús wenjen bliuwe moatte. Neffens Evert sitte wy fêst yn in nutteleaze oerliskultuer. Kin it dan ek oars? En hoe dan?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)