Bynt fan 8 oktober 2015 17:20

100 jier Hollanderwyk
De Hollanderwyk bestiet dit jier 100 jier. Dêrom hat de hiele wyk no in saneamde QR-koade oan it hûs. Dermei kinne je it ferhaal fan dat hûs sjen. Bewenner Inge de Bruin wennet har hiele libben yn de wyk en fertelt wat it plak no sa bysûnder makket.

Swimme mei dolfinen
Swimme mei dolfinen foar bern mei in beheining. Dat kin wol, mar faaks op plakken lykas Curacao. Derom wol Benno Brada it no technysk mooglik meitsje dat bern harren yn har eigen omjouwing, yn virtual reality, tusken de dolfinen fiele.

Mei Tet nei Londen
Tet Rozendal har nije teatershow hjit Nachtflinder. Om har leafdesfertriet te ferwurkjen wenne se in healjier yn Londen. Wat se dêr meimakke ferwurket se yn Nachtflinder. Wy seagen mei yn Ingelân.

Ofrûne moanne yn ‘e media
Ek fêste gast Wytze Visser is jûn te gast. Hy hat foar ús wer nei it nijs en de media sjoen. Wat is him dizze moanne opfallen en wêr wol hy wat djipper op yngean?

BY08JO02

Tet yn Londen...

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)