Bynt fan 8 novimber 2013 18:30

Ferslachjouwer Albert Jensma slút de rige dizze wike ôf mei in besyk oan de kommunisten fan de NCPN. Wêr komt har motivaasje wei?

Fierder sjogge we op it Noardlik Film Festival nei de nije film fan Steven de Jong dy't dêr jûn yn premjêre giet. Tegearre mei de haadrolspiler, boer Frans fan De Westereen, fertelt hy oer de film.

En Age Veldboom skoot oan om it belang fan sport foar geastlik beheinde minsken ta te ljochtsjen. Hy docht dat mei kuorballers dy't op de Regionale Special Olympics yn Grins goud wûn hawwe.

Diel dit berjocht op:

Bynt

It programma Bynt wurdt fiif jûnen yn de wike útstjoerd. It giet om in magazine dat eftergrûnen biedt, mei in soad oandacht foar sport en kultuer. Minsklike ferhalen steane sintraal yn Bynt.
    Radio iconUtstjoering: Alle wurkdagen om 17.20 oere.
(advertinsje)