Bynt fan 8 maaie 2014 18:30

  • De beamhuzen yn Sina

Lionel Messi, Edin Dzeko en John Obi Mikel. Dat binne miskien wol trije fan de tsjinstanders op it WK fuotbal fan Reza Ghoochannejhad. Hy is opnaam yn de foarseleksje foar it WK fan Iran. Opgroeid yn Fryslân, debutearre by SC Hearrenfean en letter hat hy ek noch by Cambuur spile. Tsjintwurdich fuotballet Reza yn Ingelân by Charlton Athletic. Jûn in petear mei de Iraanske goalgetter.

Ek hjoed sjogge wy wer even by feilinghûs Ald Fryslân. It is in plak dêr't minsken faaks komme mei it idee om in soad jild te fertsjinjen. Lytse skarrelers dy’t op in rommelmerke wat keapje en op de feiling besykje der tsien kear safolle foar te krijen. Of lju dy't noch wat guod op souder stean hawwe, en besykje der noch in pear sinten foar te krijen. Fan jild hawwe wy ommers nea te min...

It wurk fan keunstneresse Claudy Jongstra is ek yn Sina opfallen. Sy sil nammentlik keunstwurken fan filt meitsje as ynrjochting fan in hotel en lúkse beamhuzen yn it plak Liyang. It wolfilt fan Jongstra wurdt makke mei Fryske en Sineeske produkten, bygelyks kleurstoffen en wol fan Fryske grûn, mar ek de kleurstoffen fan Sineeske teeplantaazjes. Jûn prate wy mei Steven Sterk en Claudy Jongstra oer dit Sineeske miljoeneprojekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)