Bynt fan 8 juny 2016 17:20

Hat SC Cambuur syn nije trainer fûn?
Hy spile sels 272 wedstriden ferdield oer 8 seizoen by SC Cambuur. De grutte fraach is no: komt Fred Grim, nei 22 jier, werom nei Ljouwert om trainer te wurden by syn âlde klup? De kâns liket hieltyd grutter. Sjoernalist Gerard Bos fertelt yn Bynt hoe de kaarten op tafel lizze.

In Fryske boeddhist yn Tailân
Fan gewoane Fryske jonge nei Boeddhistyske mûnts. Dokumintêremakker Halbe Piter Claus folge Hyls Hiddema fan Weidum op syn syktocht nei spirituele ferljochting. Halbe Piter moast derfoar sels trije dagen libje neffens de rigels fan it Boeddhistyske Ariyasintrum yn Tailân.

Sjok
Hoe slim kin it ôfrinne as in pear jonges beslute om te joyriden. Dat is it tema fan it ferhaal wêrmei't Yorick Speerstra koartlyn de ferhalewedstryd fan It Skriuwersboun wist te winnen. Dit ferhaal is ferfilme en dizze wike te sjen yn Bynt yn trije parten. Hjoed it twadde part. Ja, hoe slim kin it ôfrinne?


Se wie de Dafne Schippers fan de jierren '30. Tollien Schuurman fan De Rottefalle, wie de earste frou dy't de 100 meter sprint ûnder de 12 sekonden ôfraffele. Kees Kooman skreau in boek oer har en alle oare keninginnen fan de sprint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)