Bynt fan 8 juny 2015 17:20

Nij turntalint
Se is noch mar tsien jier. Isatu Barrie út Ljouwert is in grut turntalint. En dat is ek de minsken fan it RTL-programma ‘Superkids’ opfallen. De lêste wiken stride se dêr mei oare jonge talinten om in stúdzjebeurs fan 25.000 euro. Ofrûne freed wie de superspannende finale...

Op paad mei Aat
Ek dizze wike hat ús eigen Miranda Werkman de rôze overal wer oanlutsen. Tegearre mei Aat makket se de Bynt-tún alle wiken in lyts bytsje fleuriger. Dizze wike sjogge wy werom it belangryk is dat der bijen yn de tún te finen binne...

Mienskip yn in Mienskip
It wurd mienskip hat troch Kulturele Haadstêd 2018 in ekstra lading krigen. Mar wat is dat mienskipsgefoel eins? Dêr besykje we dizze wike efter te kommen. Hjoed gean we derfoar op besite by de Red Hat Society fan It Hearrenfean.

Fryske merken
Jûn sjogge wy ek nei (sterke) Fryske merken. Dat dogge wy tegearre mei Wytze Visser. Hy is de grutte man efter Merkmakers en foarsitter fan de Fryske reklamepriis. Hoe giet it neffens him mei de Fryske merken? Is Fryslân sels in sterk merk? Wat kin der bygelyks better?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)