Bynt fan 8 febrewaris 2016 17:20

Kritysk nij rapport oer REC Miljeusaakkundige Johan Vollenbroek seit dat it hiel goed mooglik is dat by in steuring yn de REC yn Harns minsken yn de buert evakuearre wurde moatte. Dat skriuwt hy yn syn rapport oer de ôffaloven, dat hjoed troch Omrop Fryslân publisearre is.

By in steuring kin tefolle sâltsoer út de piip komme en dan is der in grutte kâns op permaninte skea oan de longen. Neffens Vollenbroek is it in wûnder dat der noch gjin slimme ûngemakken west hawwe sûnt de ôffaloven yn bedriuw is. 

Kollega Miranda Werkman, dy 't de REC op de foet folget, sit jûn yn Bynt en praat ús by oer dit dossier. Wat binne de gefolgen fan dit krityske rapport? Ek ha wy reaksjes fan Johan Vollenbroek en Retze van der Honing, fraksjefoarsitter GrienLinks.

Fryske floggers Altyd in kamera yn de hân, alles en elkenien filmje en dan al it materiaal op Youtube sette. It fenomeen: floggen. Dit wurdt hieltyd populêrder. Sels sa populêr datst der in fulltime baan oan ha kinst. Dizze wike stelle wy fjouwer Fryske floggers oan jim foar. Wy begjinne mei Melvin Bos fan it Youtube kanaal ‘AltijdMelvin’.

Reitse giet ynternasjonaal Op syk nei in stikje bûtenlân yn Fryslân. Reitse Spanninga giet by bûtenlânske (hobby)koks yn Fryslân del en makket in gerjocht klear út dat lân. Ditkear wer in pittige reportaazje mei gerjochten út Tailân.

Klik op ûndersteande ôfbylding foar it resept yn PDF-formaat.

BY08BP01

Reitse giet ynternasjonaal: Tailân

BY08BP03

Fryske vlogger: Melvin Bos

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)