Bynt fan 8 desimber 2014 17:20

De plysje yn it nij
De Nederlânske plysje krijt in nij unifoarm foar op strjitte. It falt op mei syn moderne uterlik. Neffens de aginten sels sit it lekker en past it by de easken fan it hjoeddeiske plysjewurk. Mei de ferneamde ûntwerper Hans Noordstrand sjogge wy jûn nei it nije unifoarm.

Reitse makket wat lekkers
Hjoed traapje wy offisjeel ôf by Omrop Fryslân foar it projekt “Samen voor de Voedselbank”. Yn de kommende twa wiken besykje wy safolle mooglik iten op te heljen om de itensbanken yn ús provinsje te stypjen. Reitse Spanninga lit op syn beurt sjen watsto foar lekkers klear meitsje kinst mei in itenspakket fan de itensbank.

Sân stêden: Wroclaw
Yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd hawwe Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante de ôfrûne tiid ferslachjouwers Europa ynstjoerd. Sy binne op 'en paad gien nei de sân stêden dy't de kommende jierren ek de titel fan Kulturele Haadstêd krije. Hjoed in lyts foarpriuwke fan de Kulturele Haadstêd 2016, Wroclaw yn Poalen.

Youth Food Movement
Hoe kinne wy sa min mooglik iten fergrieme? De Youth Food Movement is in organisaasje fan jongeren dy't minsken bewust meitsje wolle fan earlik en sûn iten. En dêr heart by dat der gjin iten fuortsmiten wurdt. Wy prate der oer troch mei Jaring Brunia, in jonge melkfeeboer en foarsitter fan de Youth Food Movement Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)