Bynt fan 7 septimber 2015 17:20

Flechtlingen op Lesbos
Alle dagen komme der tûzenen flechtlingen oan op it Grykske eilân Lesbos. Der is in tekoart oan wetter, iten en medyske soarch. Anke-Marije Piebenga út Akkrum giet dêr ynkoarten hinne om te helpen...

Reitse en it bêste spek fan Fryslân
Jûn skoot ek ús eigen topkok Reitse Spanninga wer oan. Hy giet yn Eanjum op syk nei it lekkerste spek fan Fryslân. Boppedat lit hy de minsken yn de studio priuwe wat der mei dat spek makke wurde kin...

Bynt yn de provinsje
Bynt is fansels de namme fan in programma by Omrop Fryslân. Mar it is in namme dy't wiidweidich troch de provinsje yn gebrûk is. Sa is it ûnder oaren de namme fan it bedriuw fan twa froulju út Bûtenpost...

Boereprotest yn Brussel
Brussel stie hjoed yn de brân. It protest fan hûnderten boeren soarge foar in grut opskuor by it Europeesk parlemint. Wy prate der oer troch mei Wiebren van Stralen, dé dongspesjalist fan it LTO. Boppedat lizze wy kontakt mei de Fryske boer, en VVD-Europarlemintariër, Jan Huitema yn Straatsburg.

BY07IO02

Bynt yn Bûtenpost...

BY07IO01

Reitse en it bêste spek fan Fryslân

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)